Bynt fan 25 maaie 2016 17:20

Aksje foar de Waadsee
It giet net goed mei it Waadgebiet en dêrom begjint de Waadferiening mei in kampanje. Mar wat soene wy der oan dwaan kinne? Dat fertelt Ester Kuppen fan de Waadferiening jûn oan tafel yn Bynt.

En ferslachjouwer Afke Boven driuwt mei fisker Jaap Vechter yn de Waadsee. Hy fertelt wêr’t hy as lytsskalige fisker tsjinoan rint.

Lauwerskolleezje
Hoe sit it mei it ambysjenivo yn it ûnderwiis? Begjin dit skoaljier kaam astronaut André Kuipers op it Lauwers College yn Bûtenpost om de learlingen sjen te litten dat alles mooglik is. De skoalle wol ôfrekkenje mei de it-is-sa-wol-bêst-genôch-mentaliteit. Bynt folge dit yn it ôfrûne skoaljier.

Moai dat it sa kin
Hoe sjocht it gesinslibben derút as twa fan de fjouwer bern hendikept binne? Dêr giet it toanielstik ‘Moai dat it sa kin’ fan Bodes Kroes en syn frou Trude oer. Jûn sitte sy beide yn Bynt om hjir oer te fertellen.

Lauwers College

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)