Bynt fan 25 jannewaris 2016 17:20

Triennen fan blydskip op it NK
Dêr’t se ferline jier gûlde fan fertriet, wiene der by Antoinette de Jong juster op Thialf triennen fan blydskip. Se pakte har earste nasjonale titel op it NK allround. Mei har sjogge wy jûn werom op ferline jier en blikke we foarút op it WK.

Muzyk, greidefûgels en njoggen orkesten
Foar komponist Sytze Pruiksma komme mei de muzykfoarstelling 'Birds & Brass' twa grutte passys byinoar: muzyk en greidefûgels. It stik wurdt kommende sneon yn Beetstersweach troch njoggen brassbands útfierd. Yn Bynt fertelt Pruiksma hoe’t it wie om mei safolle muzikanten tagelyk te wurkjen en sjogge wy nei de takomst: in iepenloftfoarstelling mei 2000 muzikanten.

Nationale Voorleesdagen: It Grutte Ytboek
Foarlêze is wichtich foar de ûntwikkeling fan bern en dêrom wurde elk jier de Nationale Voorleesdagen organisearre. In wike wêryn’t it foarlêzen foar bern sintraal stiet. Wy giene mei in steigerhouten bêd op syk nei lytse pjutten yn Ljouwert. Hjoed lêze wy foar út: It Grutte Ytboek.

Advokaat foar flechtlingen
Flechtlingen belibje ûnwisse tiden: krije se asyl of net? Advokaat Alie Westerhuis is spesjalisearre yn asylrjocht en hat dêr har hannen fol oan. Hokker saken komt Westerhuis tsjin? En wêr komt har motivaasje om dit te dwaan wei?

BY25AP03

Nationale Voorleesdagen: It Grutte Ytboek

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)