Bynt fan 25 febrewaris 2016 17:20

REC
It ‘dossier REC’ bliuwt Harns yn de besnijing hâlden. Dizze wike barde der ek wer in soad: by Provinsjale Steaten en de gemeenteried fan Harns stie it ûnderwerp op de aginda. Der wurdt in soad praat dus, mar hoe komt it no? Binne foar- en tsjinstanners lang om let tichteby inoar kaam? Miranda Werkman praat ús by.

Griet sûnder Teake
Jierrenlang stie Griet Wiersma op de planken mei Teake van der Meer. Foar har nije teatersjo Fljimsk brekt se mei dizze tradysje: Piter Wilkens en Minze Dijksma binne har nije partners op it toaniel.

Fantasyfûgels
Yn it atelier fan O.C. Hooymeijer yn Spangea kinne je allegear net-besteande fûgels fine. Yn de rige fan dizze wike lit er ús sjen hoe’t dy fûgels der yn syn ferbylding útsjogge, wat se ite en hoe’t se harren nestke bouwe.

Duorsume doarpen
Snein is yn FryslânDOK de dokumintêre 'Feroarkrêft' te sjen. Oer twa Fryske doarpen, dy't alle war dogge om duorsum te wurden. Johan Lankester fan it ‘Netwerk Duurzame Dorpen’ fertelt dat dat net altyd like maklik giet.

BY25BP01

De fantasyfûgels fan O.C. Hooymeijer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)