Bynt fan 25 febrewaris 2015 17:20

Antike Fryske klokken
It giet min mei de antykhannel. Sa koe in echte, âlderwetske Fryske sturtstikklok yn de goeie tiid wol 7000 euro opbringe. No meist bliid wêze ast der noch 700 euro foar krije kinst. Leit dat allinnich oan de krisis? Yn Bynt skoot jûn Margreet van der Zee fan Museum Joure oan om út te lizzen hoe’t it sit...

Dream foar Fryslân
Yn de oanrin nei de ferkiezings foar Provinsjale Steaten giet Omrop Fryslân op syk nei de dreamen foar ús provinsje. Ien fan dy dreamen komt fan Leon Leemburg. Hy wie personal coach yn Amsterdam, mar is in skoftke lyn weromkaam nei syn berteplak Ljouwert. Hy hat in missy of, better sein, in dream...

Dreamteam fan de Greiden
It Dreamteam fan de Greiden. Dat wie de titel fan in searje dy’t Omrop Fryslân 14 jier ferlyn makke oer de F-kes fan fuotbalferiening Easterlittens. Bynt gie werom nei Easterlittens om op syk te gean nei de jonkjes fan doe. Hjoed it ferhaal fan Jelmer. Doetiids wie hy ien fan de haadrolspilers, krijt hy dat noch wolris te hearren?

Pasquinel Kolk
Mei 35 jier is hy is de jongste Master Gastheer fan ús lân. Pasquinel Kolk fan It Amelân wurket op de 23e ferdjipping fan it Okura hotel yn Amsterdam by stjerrerestaurant Ciel Bleu. Yn Nederlân binne der mar fjirtich Master Gastheren, dus hoe is it Pasquinel op sa'n jonge leeftyd al slagge om dat te berikken?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)