Bynt fan 25 febrewaris 2014 18:30

  • Tom Sawyer en Huckleberry Finn

Teatergroep Sult is de útdaging oangien om in âlde jeugdheld in nij libben te jaan. Yn de nije foarstelling 'De held en syn sokken' wurdt it ferhaal fan Tom Sawyer en syn freon Huckleberry Finn opnij ferteld. Yn Bynt skowe haadrolspilers Sjoerd Blom (Tom) en Romke Gabe Draaijer (Huck) oan om út te lizzen wêrom't jo mei de hiele famylje nei dat teaterstik ta moatte.

Ferslachjouwer Albert Jensma tekenet fan 'e wike yn fjouwer ôfleverings it ferhaal op fan earmerkwegerder Thom de Groot. De boer is syn fee kwyt rekke, omdat er it neffens de ynspekteurs fan de Voedsel- en Warenautoriteit ferwaarleazgje soe. Jûn diel twa fan it ferhaal.

In nij bedriuw opsette, mar net genôch sinten? Dan kinst miskien wol terjochte by in saneamde Business Angel. In rike man of frou dy't dy helpe kin mei bygelyks startkapitaal en kennis fan it bedriuwslibben. Hoe wurket it no krekt? En wêryn ferskilt sa'n Angel fan in gewoane ynvestearder? Dêr prate wy oer mei ús fêste gast Geesje Duursma, Business Angel Bernd Mintjes en ûndernimmer Theo de Jong dy't help kriget fan in Angel...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)