Bynt fan 25 april 2016 17:20

Follybalfroulju Snits lânskampioen
De follybalfroulju fan Snits binne juster foar it twadde seizoen op rige Nederlânsk kampioen wurden. Seis froulju út it team nimme ôfskie. Wat betsjut dat foar de takomst fan it team? Wy ha it deroer mei spylster Roos van Wijnen.

Reitse giet ynternasjonaal
Sykje nei in stikje bûtenlân yn Fryslân. Reitse Spanninga giet by bûtenlânske (hobby)koks yn Fryslân del en makket in gerjocht út dat lân. Dit kear stillet de kok syn honger yn de Noarske keuken.

Klik hjir foar it resept.

It libben yn in serviceflat
Topsporters en âlderein, dy kombinaasje sjogge je net faak. Mar wol yn in serviceflat op It Hearrenfean. Dêr wenje mear as tritich jonge topsporters. Dizze wike sykje wy der trije fan op. Hjoed bobslider Dennis Veenker.

De bewenners fan De Kompenije
Earm, eigensinnich en losbannich, dat wiene de bewenners fan De Kompenije yn Jobbegea. De famyljes libben yn spitketen en woene gjin help fan bûten. Sa ek de famylje fan skriuwer Gerard Popkema. Yn syn boek ‘Met de kont aangekeken’ giet hy op syktocht nei syn famyljeskiednis.

Reitse giet ynternasjonaal: Noarske keuken

It libben fan Dennis Veenker yn in serviceflat

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)