Bynt fan 24 septimber 2014 17:20

Ferslachjouwer yn de frontliny
Jan Eikelboom is ferslachjouwer foar it tillevyzjeprogramma Nieuwsuur. Foar syn wurk komt er in soad yn oarlochsgebieten. Jûn jout er in lêzing yn Goutum, mar earst skoot er oan yn Bynt mei syn ferhalen út de frontliny.

Soarch tichtby foar Skylger bern
Nei sân jier fan tariedings wurdt freed 'Thuishaven De Jonge Jan' iepene yn Formerum, Skylge. Bern mei in beheining kinne dêr leare op harsels te wenjen of deibesteging folgje. Ek is der in appartemint dêr't toeristen mei sûnensproblemen genietsje kinne fan in moaie fakânsje. Inisjatyfnimster Alice Terpstra is te gast yn Bynt. Har soan Daan hat in beheining, en troch De Jonge Jan kin hy gewoan op it eilân wenjen bliuwe.

Apptester
Yn de rige teste we dizze wike alle dagen in App foar op de tablet of tillefoan. Hinne Ypma is in trochsnee gebrûker en hy test foar ús hjoed de 'Friesland VoordeelApp'.

Amsterdenim
Nederlân stiet bekend om har populêre spikerbroekmerken. Sa is it wrâldferneamde G-star fan Nederlânske boaiem. No hat ek Fryslân in eigen 'denim-stjer'. Ben Fokkema ûntwerpt spikerbroeken en hat ein augustus syn nije merk 'Amsterdenim' presintearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)