Bynt fan 24 septimber 2013

Seksferslaving is in groeiend probleem. Hieltyd mear minsken, foaral mannen, komme yn 'e besnijing fan sekssites. It hat harren libben yn 'e macht, mei grutte gefolgen, saaklik likegoed as privee. Hoewol't konkrete sifers ûntbrekke, komme terapeuten it hieltyd mear tsjin yn de deistige praktyk. De GGZ yn Ljouwert hat in unike groepsterapy ûntwikkele om minsken fan harren seksferslaving ôf te helpen. Yn Bynt it ferhaal fan in man dy troch dizze terapy wer fet op syn libben krigen hat.

Bynt, fan 18:30 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)