Bynt fan 24 oktober 2014 17:20

  • De Clafis-ploech fan trainer Jillert Anema

It giet wer los!
It wurdt wer kâlder bûten, en dus kinne meikoarten de redens ek wer út it fet. Foar de toppers betsjut it dat it seizoen wer hast begjint. Juster wie bygelyks de presintaasje fan de nije LottoJumbo-ploech fan Sven Kramer. Earder wie der al in presintaasje fan de Clafis-ploech fan Jorrit Bergsma. Mei syn coach Jillert Anema en de altyd krityske sjoernalist Eelke Lok sjogge wy foarút op wat der allegear op it programma stiet kommende moannen.

Myn Klup: V.V. Gersloot
Alle freeds gean wy yn Bynt Sport op besite by in Fryske sportklup. Dêr gean wy op syk nei it klupgefoel, en nei de bining dy't minsken by harren klup fiele. Dizze wike gean wy del yn Gersleat foar de derby fan V.V. Gersloot tsjin VV Aengwirden út Tsjalbert. Hoe soe dat gean?

De man fan njoggen sekonden
Ek oan tafel ien fan de haadrolspilers út de Fryske derby fan ôfrûne snein. Leonard Nienhuis fan Cambuur makke binnen njoggen sekonden de oertreding der't de penalty foar Hearrenfean út kaam. Hoe sjocht de keeper werom op de wedstryd? En wat tinkt hy fan de folgjende pot, snein thús tsjin Feyenoord?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)