Bynt fan 24 novimber 2015 17:20

Sport & Poëzy
De leafde foar sport is faak werom te sjen yn ferskate soarten poëzy. Ferskes, spandoeken, sprekkoaren... je kin it sa gek net betinke of sporters en klups wurde op bysûndere wize portrettearre. Anne Dykstra wol dy passy foar sport no fange yn in boek.

Meet & Eat
In bysûndere moeting tusken flechtlingen en Fryske húshâldingen. Dat is it idee fan Meet & Eat. Dizze wike sjogge wy alle dagen by sa'n moeting. Sa ite wy hjoed in pizza mei op in arkje yn Ljouwert.

’Er viel genoeg te beleven’
Hy wie jierrenlang de direkteur fan ‘e Friesland Bank. No hat Douwe Keizer in boek skreaun oer dy tiid. Oer dat boek, ‘Er viel genoeg te beleven’, prate wy jûn yn Bynt.

De taalrubryk
Hjoed is it ek wer tiid foar de taalrubryk fan Anna Marije! Se hat wer aardige dinkjes sjoen yn ‘e media, by Frysk op ‘e dyk en we sjogge nei it effekt fan Fryske boeken op Fryske films.

BY24K001

Meet & Eat yn Ljouwert

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)