Bynt fan 24 maart 2015 17:20

Unfeilige nullen by de GGD
GGD Fryslân stoppet fuortdaliks mei it brûken fan nullen fan fabrikant Terumo. Ut ûndersyk hat bliken dien dat dizze nullen mooglik net feilich binne. Stikjes lym soene fia de nulle yn it bloed komme kinne. Jeannette Provoost fan de GGD ljochtet it beslút jûn ta yn Bynt.

De saak Ids I.
In nij haadstik yn de saak oer de moard op Murkje de Vries út Koatstertille. De dieder, Ids I. út De Harkema, waard ferline jier yn heger berop feroardiele ta 24 jier sel. No wol hy oantoane dat it brûken fan in medisyn tsjin syn depresje bydroegen hat oan de moard. Wy prate fierder mei misdiedferslachjouwer Simon Vuyk.

Trekfestival
In festival om nasjonaal park it Lauwersmargebiet hinne kin net oars as ek omtinken ha foar duorsumens. Dat docht it Trekfestival dan ek. Miranda Werkman is ek hjoed wer op 'en paad yn it gebiet en lit wer wat moaie lokaasjes sjen...

Chronique ofte historische geschiedenisse van Vrieslant
Yn Amsterdam wie dit wykein it boek "Chronique ofte historische geschiedenisse van Vrieslant" út 1622 te besjen. It boek fan lânshistoarikus Pierius Winsemius wurdt feild by feilinghûs Adams. It boek is bysûnder om't it hielendal mei de hân ynkleure is. It moat sa'n 25.000 euro opbringe. Histoarikus en samler fan âlde boeken Hotso Spanninga fertelt wat dit boek sa unyk makket.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)