Bynt fan 24 maaie 2016 17:20

Nederlânsk fuotbal moat nei de top
Oer tsien jier moatte de Nederlânske fuotballers ynternasjonaal yn de top meidwaan kinne. Hoe't we dat berikke moatte, stiet yn it rapport 'Winaars van Morgen' dat de KNVB hjoed presintearret. Jan de Jonge, âld-jeugdtrainer by SC Hearrenfean, jout syn reaksje.

Mear toeristen yn Fryslân
De ûnrêst yn lannen as Egypte, Turkije en Grikelân, pakt posityf út foar it toerisme yn Fryslân. We kinne mear gasten ferwachtsje fan 't simmer. Mar boeke dy no al, of wachtsje dy oant it lêste momint? En bist wol echt goedkeaper út mei in last-minute? Regiomanager Petra Ellens fan de Recron jout it antwurd.

It bêste helje út bern
Wannear hellest it bêste út in bern, en wannear fregest tefolle? Yn Bynt folgje we dizze wike de learlingen fan it Lauwerscollege yn Bûtenpost. Guon learlingen streame troch omheech, mar guon sette ek in stapke werom, sadat se net mear alles op alles hoege te setten.

It gefaar fan de Mount Everest
Berchbeklimmer Hans Achterbosch fan Ljouwert hat twa kear besocht de top fan de Mount Everest te beklimmen. Hy moast werom, om't it te gefaarlik wie. Oer de gefaren fan dizze berch, dêr't elk jier seis minsken stjerre, fertelt hy jûn yn Bynt.

It Lauwerscollege

Wannear helje je it bêste út jesels en wannear fine je it wol bêst genôch? It Lauwers College yn Bûtenpost helle begjin dit jier astronaut André Kuipers nei de kantine om har learlingen te ynspirearjen it bêste út harsels te heljen. BYNT folge dit skoaljier de learlingen en siket ek de âlden op om te praten oer skoalkeuzes.

Betiid boeke of last-minute?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)