Bynt fan 24 jannewaris 2014 18:30

Midden yn de simmerfakânsje, op 22 july ferline jier, ferstoar de 17-jierrige David Raab folslein ûnferwachte by it swimmen yn de Grutte Wielen. Undersyk wiist út dat David stoarn is oan in hertritmestoarnis. It foarfal hie in grutte ympekt op freonen en klasgenoaten. Twa famkes út syn klasse namen it beslút om in dokumintêre te meitsjen oer it ferlies en fertriet om David. Eksakt in healjier nei it ûngelok is de dokumintêre klear. De makkers, Iona en Jannah, binne mei de mem fan David hjoed by ús om der oer te praten.

Wy fiere dit jier foar it earst Keningsdei op 26 april. Boppedat bestiet ús keningshûs 200 jier. Dat wie foar keunstner Tineke Fischer oanlieding om in eksposysje te organisearjen, dy't yn har eigen atelier yn Haskerdiken te sjen is.

Fryslân stiet snein fan healwei ienen ôf efkes stil, want dan wurdt foar de twadde kear dit fuotbalseizoen de Fryske twastriid tusken Sportklup Cambuur en Sportklup Hearrenfean spile. Jûn sjogge wy alfêst foarút op de wedstriid mei ús fêste gast Gerard Bos en fuotbalferslachjouwers Geert van Tuinen en Roelof de Vries. De earste wedstriid waard mei 2-1 in proai foar Hearrenfean. Mar wat ferwachtsje de deskundigen dit kear?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)