Bynt fan 24 febrewaris 2016 17:20

De fynst fan syn libben
Danny Brink fan Goaiïngaryp hat yn in greide by De Jouwer de fynst fan syn libben dien. Mei help fan in metaaldetektor helle Danny in midsiuwske fibula boppe. Yn Bynt lit hy de gouden mantelspjelde sjen en hearre we fan Nelleke IJssennagger fan it Fries Museum wat de fynst wurdich is.

Net-besteande fûgels fan O.C. Hooymeijer
O.C. Hooymeijer is keunstner en makket net-besteande fûgels. Earder fan 'e wike seagen we al syn wedstriidfûgels en de prizekast, mar wat soe in net-besteande fûgel wêze sûnder in net-besteand nêst?

Fotograaf, filmmakker en kleanûntwerper
Hy makket dokumintêres yn it bûtenlân, sjit foto's en kampanjes foar grutte ynternasjonale moademerken lykas Nike en sûnt koart hat er syn eigen kleanline foar bern. Ald-Frjentsjerter Joost van de Brug wennet en wurket yn Londen oan in ynternasjonale karriêre.

BY24BP02

De net-besteande fûgels en harren nêst betocht en makke troch O.C. Hooymeijer

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)