Bynt fan 24 febrewaris 2015 17:20

Meteoriten fêsthâlde!
Sinneflekken ûntdekke, of miskien wol fiele oan in meteoryt. By de stjerrewacht yn Burgum is der fan alles te dwaan foar de bern dizze fakânsje. En as pake of beppe mei binne, kinne se ek noch fergees nei binnen. Jûn oan tafel Tones Meijer fan de stjerrewacht.

De oldtimers fan Bert
De oldtimer ferdwynt út Nederlân. Dat hat alles te krijen mei de wegebelesting dy’t eigeners sûnt ferline jier betelje moatte foar sa’n âlde auto. Skande, seit hanneler Bert Zijlstra út Damwâld. Tongersdei tsjinnet in rjochtsaak tsjin de Steat...

Dreamteam fan de Greiden
It Dreamteam fan de Greiden. Dat wie de titel fan in searje dy’t Omrop Fryslân 14 jier ferlyn makke oer de F-kes fan fuotbalferiening Easterlittens. Bynt gie werom nei Easterlittens om op syk te gean nei de jonkjes fan doe. Binne se noch hieltyd sa skattich? En tinke se noch wolris werom nei de opnamen fan doe?

De Waadprofessor
It Waadgebiet. Goed 500 kilometer lang, wrâlderfguod en wichtich ûnderdiel fan Fryslân. In kwetsber stik natuergebiet ek, dêr’t wol ekonomyske kânsen lizze. Pier Vellinga is klimaatprofessor en sûnt oktober ferline jier direksjelid fan de Waadakademy. Wy prate mei him oer de kânsen dy’t hy sjocht foar it Waad.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)