Bynt fan 24 febrewaris 2014 18:30

De helden fan Sotsji binne wer yn Nederlân. Jûn wurde se huldige yn Assen en dêr steane wy by stil. We blikke werom op de hichte- èn djiptepunten fan de Olympyske Spelen.

Oardel wike lyn waarden de kij fan Thom de Groot fan Grou yn beslach naam. Feeferwaarleazing, konstatearren de ynspekteurs fan de Voedsel - en Warenautoriteit. Yn de rige fan dizze wike tekenet Albert Jensma de sfear op de pleats - de dagen nei de ynbeslachname. De Groot wegeret al 20 jier syn fee earmerken yn te dwaan.

En mei Reitse Spanninga bliuwe wy by de lânbou. We sjogge by ien fan de boeren fan it 'boerengilde'. Dizze klup wol sjen litte dat yntinsive lânbou net de ienige kar is foar boeren. Grutskaligens en jild fertsjinje is prima, mar dêrby moat wol om de natoer tocht wurde. Dat is it boadskip fan it boeregilde. Reitse Spanninga is op besite by boer Jelle Zeilstra fan De Gaastmar om te sjen hoe't dy syn bedriuw runt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)