Bynt fan 24 april 2015 17:20

Bynt Sport op freed
Jûn prate wy yn Bynt Sport mei trije eardere topsporters. Follybalster Jantien Berg waard meardere kearen kampioen yn Snits en de fuotballers Willem van der Ark en Marten Dijk spilen by SC Cambuur en SC Hearrenfean.

We sjogge foarút nei de mooglike kampioenswedstriid fan de follybalfroulju fan Snits. Sil it moarn barre foar de froulju fan trainster Petra Groenland? Kinne sy it kampioenskip binnen helje? Fansels prate wy ek oer it betelle fuotbal fan takom wykein mei de beide âld-fuotballers. En we sil it hawwe oer de fraach wat je eins dogge nei je aktive sportkarriêre?

Ek is der wer in moaie priis te winnen yn Arjen’s Sportkwis, en foar Myn Klup gean wy dizze wike te tipeljen yn Broeksterwâld. Te tipeljen ja...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)