Bynt fan 24 april 2014 18:30

De Tall Ship Races komme nei Fryslân dizze simmer. Harns is fan trije oant seis july it sintrum fan dit grutte spektakel. Harns is ek it startpunt fan de race dy't yn etappes nei Noarwegen en Denemarken giet. Jûn kinne in lytse twahûndert bern fêst sjen op ien van de skippen dêr't se yn july op meifarre sille. Oan board fan de Thalassa en de Artemis kinne se in lytse yndruk krije fan in Tall Ship dêr't se mei fan Harns nei Frederikstad sile. En by dy earste moeting oan board is jûn ús eigen Roelof Lousma.

De famylje Norbruis is der net sa mar ien. Ferline wike waard Alyda Norbruis wrâldkampioene paracycling en har sus Alyce docht yn juny mei oan de Special Olympics, de Olympyske Spelen foar sporters mei in ferstanlike beheining. Alyce krige mei har kuorbalteam út Oerterp in training fan LDODK-spiler Erwin Zwart en tegearre mei Twadde Keamerlid Lutz Jacobi gongen we by Alyce thús sjen.

De kâlde winter leit achter ús, de sinne komt der hieltyd faker by en de temperaturen geanne omheech. Mear is der net nedich om it festivalseizoen te iepenjen. Hokker festival moatte wy absolút hinne dit jier? Tegearre mei ús saakkundige Sjoerd Bootsma sjogge wy nei de yngrediïnten foar in perfekt festival...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)