Bynt fan 23 oktober 2015 17:20

It is krisis by SC Hearrenfean. Net allinne bestjoerlik, mar no ek op it fjild. Trainer Dwight Lodeweges stapte oan it begjin fan de wike op troch de minne resultaten. Hearrenfean stiet op it fyftjinde plak en fan de earste njoggen wedstriden waard der mar ien wûn. Foppe de Haan moat as ynterim-trainer besykje om de boel wer op 'e rit te krijen. Te begjinnen oankommende sneon yn de útwedstriid tsjin Willem II. By SC Cambuur giet it de lêste wiken hieltiid in bytsje better. Sneon waard der in puntsje helle tsjin AZ (1-1) en dêrmei sjogge de Ljouwerters wer omheech. De thúswedstriid tsjin ADO Den Haag fan oankommende snein moat de earste oerwinning opsmite.

Sil it beide klups slagje om einlik wer ris trije punten binnen te heljen? En wa wurdt eins de nije trainer fan SC Hearrenfean? Dat en mear beprate sjoernalisten Jaap Stalenburg, Geert van Tuinen en Roelof de Vries freed yn Bynt Sport.

BY23JO02

In keepersclinic yn Dokkum mei Harm Zeinstra en Leonard Nienhuis

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)