Bynt fan 23 oktober 2014 17:20

Van .NL nei .FRL
Besikers fan de webside fan Omrop Fryslân kinne fan desimber ôf dy webside ek fine troch ".frl" yn te typen yn stee fan ".nl". De Omrop is mei de provinsje en de bedriuwen Weidenaar en Regts as earste útkeazen út 1500 oanmeldings foar dy ekstinsje. Oan tafel by Bynt sil Winie Weidenaar útlizze wat Weidenaar krekt mei it frl-adres dwaan wol, en werom't dat wichtich is foar it bedriuw.

Poppoadium Harmoniekwartier
Ljouwert brûst fan it muzikale en kreative talint, en dat moat allegear in plak krije yn it nije Harmoniekwartier. It wurdt net in tradisjoneel poppoadium, mar in plak dêr't alles kin. Allegear kreative minsken, studinten en talintfolle artysten moatte dêr har gerak krije. In poadium mei in hiel iepen karakter dus, en de nije direkteur Jan Pier Brands fertelt jûn yn Bynt hoe't hy dat foarinoar krije wol.

Op paad mei de GGZ
Hjoed sille wy foar de lêste kear op paad mei it factteam fan de GGZ Fryslân. Dat team wurket fanút de gedachte dat minsken goedkeaper en effisjinter holpen wurde kinne yn de eigen thússituaasje. In ynkringende en eksklusive blik efter de skermen.

Syryske flechtelingen
Yn Nederlân kinne wy it ús hast net mear foarstelle: libje yn oarlochstiid. Mar yn Syrië wurdt de situaasje noch alle dagen slimmer, en dat is de reden dat der hieltyd mear flechtlingen dizze kant op komme. Ek yn Fryslân komme de Syriërs telâne. Vluchtelingenwerk Noord Nederland besiket dizze minsken te helpen om harren libben wer op te pakken, en Jaap Vellenga fan Vluchtelingenwerk Snits leit út hoe't dat wurket.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)