Bynt fan 23 oktober 2013 18:30

  • Nyck de Vries op in kart

Autokoereur Nyck de Vries út Snits is jûn gast yn Bynt. De Vries is in racetalint en sit yn it talentprogramma fan McLaren, it Britske Formule 1-team. Hy reizget de hiele wrâld oer en fertelt syn persoanlik ferhaal oer wat it kostet om de absolute top te berikken. Fierder de tredde ôflevering fan in rige húskeamerkonserten fanwege de Fryske Muzykwike fan de Omrop. En saakkundige Evert Fokkema sil jûn prate mei Alberto Kinderman. Kinderman is in ûndernimmer dy't yn Noardburgum minsken mei psychyske problemen oan wurk helpt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)