Bynt fan 23 novimber 2015 17:20

In nij wrâldrekôr op de 10 km
Wa is dy man dy’t Sven Kramer fersloech op de tsien kilometer? Ofrûne snein ferplettere Ted-Jan Bloemen it wrâldrekôr fan 12.41,69 mei 5 sekonden (12.36,30). Oan tafel jout syn âld-reedrydcoach Siep Hoekstra útlis oer syn opmerklike prestaasje.

Reitse op hazzejacht
Alle hazzen yn Fryslân binne warskôge. Foar Reitse Spanninga is it wyldseizoen wer iepene. De Fryske Rambo nimt ús mei op hazzejacht.

Meet & Eat mei flechtlingen
Moetsje en ite mei flechtlingen of: Meet & Eat. Under dy namme waard sneon in moeting organisearre tusken 251 flechtlingen út it WTC Expo en Fryske húshâldingen. Hjoed sjogge wy by Elke Behage út Ljouwert. Sy krige acht jonge Syriërs oer de flier.

Bram fytst troch Fryslân
Bram Witvliet is net fan syn fyts ôf te slaan. Sûnt 2007 fytst er alle jierren in provinsje troch om de plaknammen fan alle doarpen op de foto te setten. Dit jier wie Fryslân oan bar en hjoed hat er de lêste kilometers makke. Mar wêr komt dy topografyske toarst fan de âld-Lollummer wei? Dat fertelt er jûn yn Bynt.

BY23KO01

Meet & Eat mei Elke Behage

BY23KO03

Reitse op hazzejacht

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)