Bynt fan 23 maart 2015 17:20

Frysk damjen
It Frysk damjen wurdt yn it bûtenlân hieltyd populêrder, mar kin de ynternasjonale top de Friezen al ferslaan of is it noch lang net safier? Dat sil dizze wike útwize, want moarn begjint yn Frjentsjer it Fries Dam Evenement Open Fryslân. Oan tafel Marten Walinga.

Op Paad mei Aat
Foar de winter hasto genietsje kinnen fan ús eigen Bynt-tún. Under strang tasicht fan túnker Aat kaam der in moaie tún op yn Donkerbroek. Mei de maitiid foar de doar wurdt it tiid foar wat oars. Wy gean Op Paad mei Aat!

Sjen by it Trekfestival
It Lauwersmargebiet set kommend wykein de doarren wiid iepen. Want foar it earst wurdt it Trekfestival hâlden: mei keunst, kulinêre ferrassingen, muzyk en teater. Besikers kinne fan de iene lokaasje nei de oare. Bynt stjoerde ferslachjouwer Miranda Werkman fêst foarút.

21 en yn it Wetterskipsbestjoer
Mei 3813 foarkarsstimmen wurdt Tieneke Clevering tongersdei beneamd as bestjoerslid fan it Wetterskip Fryslân. Mei har 21 jier is sy de ien fan de jongste wetterskipsbestjoerders fan Nederlân. Yn Bynt leit sy út wat sy de kommende jierren berikke wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)