Bynt fan 23 maaie 2016 17:20

JSF komt oan op fleanbasis De fleanbasis fan Ljouwert is hjoed wrâldnijs troch de komst fan it JSF fleantúch. It is de earste kear dat it tastel yn Europa te sjen is. Fleantúchspotters komme dêrom massaal nei de fleanbasis. Ferslachjouwer Hayo Bootsma is der foar Bynt by om ús it lêste nijs te fertellen.

Reitse goes ynternasjonaal Sykje nei in stikje bûtenlân yn Fryslân. Reitse Spanninga giet by bûtenlânske (hobby)koks yn Fryslân del en makket in gerjocht út dat lân. Hy is no foar de twadde kear yn in Afrikaanske keuken, dit kear yn Nigearia.

Klik hjir foar it resept Jollof rijst met bakbanaan

Klik hjir foar it resept Stickmeat

Lauwerskolleezje Leau yn dysels, lear fan tsjinslach en set troch: it brocht André Kuipers yn de romte en it is de nije fyzje fan it Lauwers College yn Bûtenpost. De skoalle wol ôfrekkenje mei de it-is-sa-wol-bêst-genôch-mentaliteit. Bynt folge dit yn it ôfrûne skoaljier.

Klopjend hert foar Fryslân Reanimearje is fan libbensbelang en dat wit dokter Michaël Kuiper fan it MCL as gjinoar. Mar Fryslân bliuwt achter op it tal minsken dat reanimearje kin. Dêrom set hjoed de kampanje ‘Klopjend hert fan Fryslân’ útein.

Rige: Lauwers College

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)