Bynt fan 23 febrewaris 2015 17:20

Ferbod op it ljipaaisykjen goeie saak, sizze Friezen
In mearderheid fan de Friezen fynt it in goede saak dat it ljipaaisykjen dit jier ferbean is yn ús provinsje. 56 prosint is foar it ferbod en 66 prosint hat der begryp foar. Dat docht bliken út in enkête fan Omrop Fryslân en EenVandaag. IJsbrand Galama, fan de fûgelwacht yn Warkum, begrypt it allegear wol. As echte fûgelman sjocht hy dat it min giet mei de ljip, en dus tinkt hy dat de tradysje feroare wurde moat.

Dreamteam fan de Greiden
It Dreamteam fan de Greiden. Dat wie de titel fan in searje dy’t Omrop Fryslân 14 jier ferlyn makke oer de F-kes fan fuotbalferiening Easterlittens. Bynt gie werom nei Easterlittens om op syk te gean nei de jonkjes fan doe. Hoe is it no mei se?

BUS-terbaarlik
As minsken nei it teater gean, dan sitte se faak yn in seal en rjocht foar it poadium. Mar yn de nije foarstelling fan Folkert Wesseling giet dat hiel oars. Yn syn stik BUS-terbaarlik krije besikers in plakje yn in bus, dy’t yn oardel oere om de Tsjûkemar rydt. Sneon is de premjêre fan it stik. Wy seagen by de lêste repetysjes, en Folkert komt del yn de studio...

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)