Bynt fan 23 april 2014 18:30

Hjoed waard bekend dat Gertjan Verbeek úntslein is troch syn klup Nürnberg. Ofrûne wike wie ús eigen Arjen de Boer noch yn Dútslân om dêr by de Jobbegeaster te sjen. Jûn in wiidweidich ferslach oer, docht no bliken, it lêste wykein fan it houlik tusken de trainer en 1. FC Nürnberg.

Jacob van der Meulen sit it silen yn it bloed en sil dizze simmer oan de Special Olympics meidwaan yn in Valk. Om him en syn maat op tiid klear te krijen foar dit evenemint moat der fansels wol traind wurde. Dêr kin Jacob wol wat stipe by brûke en dêrfoar is de help fan âld-follyballer en gouden Olympiër Jan Posthuma ynroppen. Earst moatte se tegearre oan de bak om jild yn te sammeljen. Se dûke dêrfoar yn it tekstyl by Reshare, dêr't jild foar goede doelen binnenhelle wurdt. En dus ek foar de Special Oympics.

Bern dy't sosjaler wurde omdat in mem mei in baby yn de klasse oanwêzich is. Dat is it idee achter it saneamde 'babywatching'. Troch it sjen nei de ynteraksje tusken mem en poppe soene jonge bern empatysker wurde. Wy prate deroer mei saakkundige Willy Janssen en we sjogge op de Johannes Post-skoalle yn Snits, dêr't se in baby yn de klasse hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)