Bynt fan 22 septimber 2015 17:20

Kampioen iten sierde
It wurdt hast gewoan foar Jan Smink. De nûmer 9 fan it lêste WK itensieden pakte juster syn twadde Nederlânske titel. Yn it Rotterdamske Ahoy waard Smink opnij de bêste sjef fan ús lân. Jûn skoot hy oan yn Bynt.

In nij sintrum tsjin seksueel geweld
It is in wichtige stap yn de oanpak fan seksueel geweld. Hjoed is yn Ljouwert in nij sintrum iepene yn de striid tsjin dat seksuele geweld. We prate der jûn oer troch mei Anke van Dijke, direkteur fan Fier.

Fryslân boppe mei Anni Friesinger
Se sit faak yn Eastenryk, yn Salzburg. Mar as Anni Friesinger yn Fryslân is, wêr komt se dan it leafst? De pleats fan man Ids Postma? Har eigen winkel yn Snits? Jûn gean we mei Anni op 'en paad, op syk nei har spesjale plakje yn Fryslân.

Pronkride mei Ard Schenk
De measten fan ús witte it noch wol. De trije gouden medaljes fan reedrider Ard Schenk op de Olympyske Spelen fan Sapporo. No is Ard werom, mei in nij doel. Hy wol ús oan it pronkriden krije!

BY22IO02

Anni Friesinger yn Fryslân

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)