Bynt fan 22 oktober 2014 17:20

Rens Kroes
Doe't Rens Kroes yn juny har itensiedersboek Powerfood útbrocht, waard se yn ien kear in bekende Nederlanner. Neist de suster fan Doutzen is Rens fiedingssaakkundige. In normale dei foar har bestiet út sporte, konsulten, kollums skriuwe, presintaasjes jaan en nije resepten ûntwikkelje. Yn Bynt fertelt Rens Kroes jûn alles oer har drokke libben...

De Terp ferhúzet
Swalkers en ferslaafden. De measte minsken rinne der leafst mei in grutte bôge omhinne. Sa net skriuwer Auke Zeldenrust. Hy ferdjippe him in healjier lang yn de bewenners fan De Terp, de dakleaze-opfang yn Ljouwert. It resultaat is in boek fol oangripende libbensferhalen.

Op paad mei de GGZ
Bynt rint dizze wyke mei in saneamd factteam fan de GGZ Fryslân mei. Wie it juster noch in gewoan factteam, hjoed gean wy op paad mei in forensysk team. Dêr behannelje se minsken dy't yn kontakt kaam binne mei justysje.

Nacht van de Nacht
Gesellich mei syn beiden nei de stjerren sjen. Romantysker kin hast net. Mar de stjerren binne tsjintwurdich hieltyd minder goed te sjen troch de loftfersmoarging. Yn it ramt fan de 'Nacht fan de Nacht' organisearje Nynke Rixt Jukema en Anna Christien Piebenga in nachtlike kuiertocht troch Ljouwert. Wat bart der allegear op dizze kuier?

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)