Bynt fan 22 novimber 2013 18:30

De oanpak fan kriminaliteit yn in probleemwyk of kânsleaze jongeren helpe oan in oplieding of baan. Je soene sizze: dit is de taak fan de gemeente. Dat is it ek sa, mar yn Ljouwert dogge se it oars. Dêr hâldt nammentlik ek SC Cambuur him mei dwaande. Al jierren set de klup him yn foar de mienskip en sûnt hjoed is dy taak noch in stik grutter. Oan tafel: Karin Smit fan Cambuur, âld-spiler René van Rijswijk en Bryan Yorks fan it wykpanel fan de Frijheidswyk.

As ZZP'er is in nagelnije auto faak in dream. Sinten binne der net foar, en fersekeringen, ûnderhâld en belestings meitsje it hielendal djoer. In âld barrel is mear de praktyk. Wat ek kin is een auto diele. Dit kin bygelyks mei it inisjatyf fan MyWheels, dêr't minsken tegearre in auto brûke.

Age Veldboom skoot oan om te praten oer de wintersport. Sels hat hy al mear as 30 jier ûnderfining yn de snie, en hy hat no ús eigen Roelof Lousma op kursus stjoerd. Wat binne de gefaren en wat kin je yn Nederlân dwaan om seker en feilich op wintersport te gean?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)