Bynt fan 22 maaie 2015 17:20

Bynt Sport op freed

Juster spile SC Hearrenfean net bêst tsjin Feyenoord, mar de útslach wie wol goed foar de Feansters. Takom snein gean se mei in 1-0 foarsprong nei Rotterdam. Hoe sjocht oanfierder Marten de Roon werom op de wedstriid? En wat tinkt hy fan de wedstriid fan dit wykein?

Dat beprate we ek mei Maarten de Jong. Hoe sjocht Mister Hearrenfean nei de ploech fan Dwight Lodeweges? En is hy al senuweftich foar it WK fruoljusfuotbal? Dat sil fan 6 juny ôf úteinsette yn Kanada.

De Nederlânske ploech sil foar it earst meidwaan oan it WK. Ien fan de spilers is Sherida Spitse fan Snits. Sy spilet tsjintwurdich yn Noarwegen, mar is efkes werom yn Fryslân no krekt foar it wrâldkampioenskip. Wat ferwachtet sy fan it toernoai? Wat kin Oranje? En hoefolle minsken tinkt se dat der plat foar sitte no’t it allegearre live te sjen is by de NOS?

Fansels is der ek wer in moaie priis te winnen yn de Sportkwis, en foar Myn Klup gean wy dizze wike op besite yn Ternaard. Dêr fuotbalje de famkes fan VV Ternaard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)