Bynt fan 22 maaie 2014 18:30

  • Skilderij út de kolleksje fan de Friesland Bank

Drama Twizel
Wy begjinne jûn mei in koart petear mei Harry Steenstra. Hy is direkteur fan Noventa, de oerkoepeljende organisaasje dêr't De Bernebrêge út Surhústerfean ûnder falt. Hoe hat hy syn dei belibbe?

Skûtsjes yn Rotterdam
Tsien Fryske skûtsjes binne juster al nei Rotterdam brocht. Dêr sille se de kommende dagen wedstriden sile op de Kralingse Plas. Der is ek in demonstraasje fan IFKS-kampioen Sikko Heerschop, sels in Rotterdammer. Wy lizze kontakt mei ferslachjouwer Klaas Jansma, dy't ek oanwêzich is by it evenemint. Rinne dy Hollanners no in bytsje waarm foar ús skûtsjesilen?

Mei tank oan Europa: Wetsus
Wat bart der mei wetter foardat it by jo út de kraan komt, en wat bart der nei't it fia de goatstien of it putsje jo hûs wer ferlitten hat? En wat hat Europa der allegear mei te krijen? By Wetsus yn Ljouwert witte se der alles fan. Alles giet dêr ommers om duorsum wetter. Tsientallen wetterskippers binne alle dagen dwaande mei it produkt dat sa'n soad ynfloed hat op ús libben.

Keunst yn bedriuwskolleksjes
Se binne in útstjerrend ras: bedriuwen dy't keunst sammelje om sa lokale keunstners te stypjen en om jild te ynvestearjen. Yn ús provinsje wie de Friesland Bank ien fan de lêste bedriuwen dy't noch in keunstkolleksje hie. It wie sels de grutste keunstkolleksje út ús provinsje. In part fan dy kolleksje wie nea te sjen, mar dat sil nije wike feroarje. Fan woansdei ôf kin elkenien by Landgoed Oranjewoud en museum Belvédère de keunst besjen. Wy seagen der al even en prate der oer mei keunstleafhawwer Steven Sterk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)