Bynt fan 22 jannewaris 2016 17:20

Bynt Sport op freed
Freedtejûn betsjut dat it wer tiid is foar Bynt Sport. Dizze wike mei in ferskaat oan ûnderwerpen mei trije sportsjoernalisten. Te gast binne nammentlik Geert van Tuinen, Jaap Stalenburg en Jan Dijkgraaf.

Cambuur & Hearrenfean
Hearrenfean spilet moarn thús tsjin Willem II. Hoe stean de Feansters derfoar? Krijt Foppe de Haan de boel wer op 'e rit? En hoe sit it no mei dy reade kaart fan oanfierder Joey van den Berg?

Cambuur nimt it snein op tsjin ADO Den Haag. De Ljouwerters hawwe de punten hurd nedich. Hoe tinkt trainer Henk de Jong syn kollega Henk Fraser te ferrassen?

Reedriden
Kommend wykein fine op Thialf de NK allround en de NK sprint plak. Mar in soad allrounders dogge net mei. Wat kinne wy fan it toernoai ferwachtsje? Dogge ús Fryske jonges en famkes mei foar de titel?

Lieuwe Westra
It Beest fan De Tynje sil de Tour de France dit jier net ride. Hy wol him mear rjochtsje op de Vuelta en de lytsere etappewedstriden. Kin Lieuwe ús dit jier ferrasse en in pear moaie útslaggen binnen helje?

En fierder?
Fansels kinst wer in moaie priis winne mei Arjens Sportkwis, docht de Kening fan Kongo de foarsizzing foar SC Hearrenfean tsjin Willem II en wat der fierder mar op tafel komt...
Fierder skoot Joey van den Berg oan. Mei de oanfierder fan SC Hearrenfean sjogge wy nei de prestaasjes fan de Feansters. It rint net by de ploech út it Fryske Haachje. Hoe besykje se dat om te kearen?

TR7798

Wa spile it faakst foar Willem II?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)