Bynt fan 22 febrewaris 2016 17:20

Berneboeken foar 1 euro
Wat is jo favorite berneboek? Boekhannels yn Nederlân fine dat de klassike berneboeken foar alle bern tagonklik wêze moatte. Dêrom wurdt de klassiker 'Oorlogswinter' fan Jan Terlouw no oan bern ferkocht foar mar 1 euro. Mar lêze bern eins noch wol boeken? Jûn yn Bynt berneboekeskriuwster Janny van der Molen.

Net besteande fûgels
De ‘Duitse Reiger’, it ‘Goudpukkeltje’ en de ‘Puntklover’, trije seldsume fûgels. Sa seldsum, dat se net iens bestean. Keunstner O.C. Hooymeijer is de betinker fan tûzenen net besteande fûgels en fan 19 maart ôf binne se te bewûnderjen yn it Natuermuseum.

Art Diner
It giet net goed mei de skilderkeunst, mar dêr wol keunstner Randolph Algera in ein oan meitsje. De oplossing is in Art Diner wêrby’t keunst, iten, muzyk en film kombinearre wurde. It Art Diner fynt kommende snein plak yn restaurant Elevé yn Ljouwert. Yn Bynt alfêst in foarpriuwke.

BY22BP11

Net besteande fûgels fan O.C. Hooymeijer

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)