Bynt fan 21 septimber 2015 17:20

In nije filmpriis
De Fryske bioskopen roppe in nije filmpriis yn it libben. Fan dit jier ôf meitsje akteurs dy’t in soad betsjutte foar de Nederlânske film, mar der te min wurdearring foar krije, kâns op de Rense Westra Award. Regisseur Steven de Jong makket jûn de earste nominaasjes bekend.

Mei Aat op Paad
Hoe soe it derfoar stean mei ús Bynttún? En hoe is is mei túnker Aat? Jûn giet hy wer op ‘en paad mei ús eigen Miranda Werkman. Op syk nei poddestuollen.

Fryslân boppe mei Frits Wester
Ferline wike hie er it ferskuorrende drok mei Prinsjesdei, want foar RTL docht Frits Wester alle dagen ferslach fan polityk Den Haach. As er dêr klear is, wit hy net hoe hurd oft er nei Fryslân ride moat. Dizze wike sjogge wy mei bekende net-Friezen op harren spesjale plak yn Fryslân.

Libje mei Alzheimer
Doe't har man Gerard hieltyd ferjitliker waard, wie it foar Liz Cramer fuort dúdlik dat der wat oan 'e hân wie. En ek foar Gerard, dy’t sels neurolooch wie, wie it wol dúdlik. Mar doe’t it testresultaat de diagnoaze Alzheimer oanjoech, kaam de klap dochs noch hurd oan.

Aat_Miranda_Bynt

Op paad mei Aat

BY21IO02

Foar Frits Wester is Harns in spesjaal plakje

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)