Bynt fan 21 oktober 2014 17:20

Ferrotte iten
Wat eartiids foar de earmen needsaak wie is no in trend ûnder ferskate topkoks yn ús lân: fermintearje, oftewol it iten ferrotsje litte en dan ek noch opite! Topkok Albert Kooy fan Stenden sil jûn wat klearmeitsje.

Leafde foar LP's
De muzykyndustry hat it dreech, dat is gjin nijs, mar in âlde leafde blaast no nij libben yn de muzykwrâld. De LP is wer werom en hoe. Peter Funcke, dy hat ferliene wike de vinyl50 lânsearre.

Rige: GGZ
Sûnt in goeie twa jier wurket de GGZ Friesland mei saneamde FACT-teams. Dit is in ploech saakkundigen dy't minsken mei geastlike problemen thús opsiket. Bynt krige de eksklusive tastimming om achter de skermen te sjen, en it team in wike lang te folgjen. Hjoed diel twa.

Fryske kickbokscoach populêr by wrâldtoppers
Yn Nederlân stelt de sport net in soad foar en wurdt it yn hoeke pleatst fan kriminaliteit en ordinêre houwerij: koaigefjochten. Lykwols komme de wrâldtoppers yn dizze sport spesjaal nei Ljouwert om te trainen by kickbokstrainer Stefan Berkenpas.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)