Bynt fan 21 novimber 2014 17:20

Bob Schepers
Hy wie it grutte talint fan SC Cambuur. Bob Schepers bruts troch by de Ljouwerters en fertsjinne dêrmei in moaie transfer nei FC Utrecht. Twa jier letter is Schepers werom by Cambuur. Wêr gie it mis, en wat hâldt de takomst yn foar de rappe linksbûten? En hoe spesjaal is foar him de wedstryd tsjin FC Utrecht dit wykein?

Myn Klup: V.C. Buitenpost
Alle freeds gean wy yn Bynt Sport op besite by in Fryske sportklup. Dêr sykje we nei it klupgefoel, en nei de bining dy't minsken by harren klup fiele. Dizze wike binne wy yn Bûtenpost, der't de froulju fan de follybalklup drok dwaande binne.

Jordy Buijs
Begjin dit seizoen makke Jordy Buijs de oerstap fan NAC Breda nei SC Hearrenfean. De stoere ferdigener spilet alle wiken yn it hert fan de definsje by de Feansters. Tegearre mei Joost van Aken hâldt hy de boel ticht achteryn. Hoe sjocht hy sels werom op syn earste healjier en wat binne syn ambysjes foar dit seizoen?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)