Bynt fan 21 novimber 2013

Jûn sit Gaston Sporre yn Bynt. Hy is de ynterim-foarsitter fan SC Hearrenfean. Wie it krekt rêstich by de klup, begjint it gedoch wer opnij. Hoe kin dat dochs? En hoe sjocht Sporre de takomst fan Hearrenfean?

Yn ús rige giet ferslachjouwer Berber Hania nei Feanwâlden. Se iet dêr mei by Annie thús. In stik goedkeaper as bestelle fia ynternet en noch sûn ek!

Fêste gast Sjoerd Bootsma wol prate oer de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga. Hy krige nei syn dea de Sulveren Anjer en sneon sil der in oade oan him brocht wurde op it Explore the North festival. Yn Bynt jûn bylden fan Tsjêbbe en in petear oer syn literêre neilittenskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)