Bynt fan 21 maart 2016 17:20

Wrâldtitel Sifan Hassan
Sifan Hassan wûn ôfrûne sneon har earste wrâldtitel op de 1500 meter. En de gouden medalje hat in Frysk rantsje. Yke Schouwstra wie har trainer en fertelt yn Bynt hoe Sifan har karriêre begûn.

Portretten Jorwerters
Fotograaf Louis Meulstee hat de hiele wrâld oer reizge foar syn foto’s. By tafal bedarre er yn Jorwert en hy wie op slach fereale. Hy makket no al seis jier lang portretfoto’s fan de ynwenners. Mei him beprate wy syn leafde foar dit lytse Fryske doarpke. Wat is der sa spesjaal oan Jorwert?

Milou Bosscher
Milou Bosscher wie in absolút turntalint. Sy trainde 18 oere yn 'e wike en die mei oan Nederlânske kampioenskippen. Mar yn desimber gie it mis doe’t sy op it NK trampolinespringen mei in sprong op har nekke telâne kaam. De dokters konkludearren in folsleine dwarslaesie.

Yn in reportaazje gean wy werom nei de dei fan it ûngelok. Oan tafel sit Harry Bosscher, de heit fan Milou. Hoe giet it no mei har?

BY22CP03

It ûngelok fan Milou

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)