Bynt fan 21 maart 2014 18:30

  • Waadstoel

Ein desimber waard it nije bestjoer fan SC Hearrenfean presintearre, mei as nije boechbyld Jelko van der Wiel. De earste trije moanne keas it bestjoer bewust foar mediastilte. Der is ek genôch te dwaan. Sa giet der alle wiken by Hearrenfean €75.000,- mear út, as der binnenkomt. Komt de rêst sa stadichoan wer werom yn it Abe Lenstra stadion of is it noch altiten ûnrêstich. Oan tafel foarsitter Jelko van der Wiel en sportsjoernalist Gerard Bos.

Yn Dútslân kinne se der by de waadkust net sûnder: Strandkorben. In strânstoel dêr't jo mei yn 'e lijte sitte kinne. Arsjitekt Nynke-Rixt Jukema is al twa jier dwaande om dat ek oan ús waadkust foarinoar te krijen. Mei har eigen ûntwerp: de waadstoel.

Cambuur hat ferline wike in yntinsjeferklearring tekene mei de gemeente Ljouwert en mei boubedriuw Dykstra Draisma. Doel is om te ûndersykjen wêr't it nije stadion fan Cambuur komme moat. Der binne ferskate opsjes, fiif yn totaal. Mar hokker is de bêste? Dêr prate wy oer mei Gerard Bos...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)