Bynt fan 21 maaie 2015 17:20

Dreame fan Rio
As alles goed giet, stiet se takom jier op de Olympyske Spelen yn Rio. Aletta Jorritsma fan Tsjummearum is yn elk gefal hurd ûnderweis. Se is nammentlik selektearre foar ‘de Vrouwen 8’. En dan giet it fansels oer roeien.

De ein fan Romein
Fan begjinnende artysten oant en mei ynternasjonale stjerren stiene op it poadium fan Romein yn Ljouwert. Mar Romein ferliest syn funksje. Konserten sille tenei hâlden wurde yn de nije poptimpel Neushoorn. Fan 't wykein wurdt dêrom it saneamde RomEinde hâlden.

Muorrekeatsen
Hoe hâlde je de kop derby op in keatsfjild? Mentale training soe dêr by helpe kinne. It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger giet der foar nei sportpsycholooch Berber van den Berg. Je sjogge it yn ús lêste reportaazje oer de takomst fan it keatsen.

Winner fan de Fryske reklamepriis
Wa wurdt winner fan de Fryske Reklamepriis: jûn meitsje wy it live bekend! De trije nominearren binne allegearre oanwêzich: Carglass, Pake Oeds Moster en Sijperda verhuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)