Bynt fan 21 maaie 2014 18:30

Ungemak yn Twizel
Natuerlik prate wy oer it ûngemak yn Twizel. Oan tafel skoot Ria Levering fan Slachtofferhulp oan, en we hawwe kontakt mei ús ferslachjouwers dy't yn Twizel binne.

Europeeske ferkiezings
Moarn meie wy nei de stimbus om in nij Europeesk Parlemint te kiezen. Binnen Europa wurdt der in soad gearwurke troch ferskate ynstânsjes, mar dat kin fansels altyd better. Bygelyks op it mêd fan fakânsje. Want wêrom meist net yn elk lân like hurd ride? En hoe sit it no krekt mei it beteljen fan tol? Bynt gie nei de ANWB-winkel yn Ljouwert om te sjen wat der no wol en wat der no net regele is.

Seldsume sykte
Je sille mar ien fan de minsken op ierde wêze, mei in seldsume sykte. Alle kearen útlizze wat je hawwe, amper ûndersyk en dokters dy't net witte wat se mei je oan moatte. Foar dizze minsken is de Femke Foundation oprjochte. En sy organisearje kommend wykein in bysûndere autorit. By Bynt oan tafel fertelt Gjalt Wijmenga fan de stichting deroer, tegearre mei ús saakkundige Margreet de Graaf. Ek is Annemari Talsma te gast, sy giet troch it libben mei in seldsume sykte. Sy hat nammentlik in mageferlamming.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)