Bynt fan 21 jannewaris 2016 17:20

Frysk taalkafee
In bysûndere útstjoering jûn, folslein yn it ramt fan de Fryske taal. Spesjaal foar Bynt jout de Fryske Akademy nammentlik in foarpriuwke fan de resultaten fan harren grutte taalûndersyk, dat in jier lyn úteinset is.

En it giet goed mei de Fryske taal, sa docht wol bliken. De taal wurdt net minder praat, ferstien en lêzen as 22 jier lyn, mar benammen it skreaune Frysk is dwaande mei in opmars. Dat lêste komt benammen troch it gebrûk fan it Frysk op social media. Fryslân, appt, 'Facebookt' en twitteret om raak yn it Frysk. Dat betsjut lykwols wol dat de stavering net altyd like goed kloppet. Is dat in probleem? Of moatte wy der gewoan wiis mei wêze dat de taal brûkt wurdt?

Yn in spesjale útstjoering yn it mediakafee prate we hjiroer mei taaldosinte Anna Marije Bloem, FNP-foarman Johannes Kramer, marketing- en toerismesaakkundige Albert Hendriks en sjonger Jelle B.

Ek ha wy it oer de letterlike en figuerlike 'grinzen' fan it Frysk. Wannear prate je Frysk en wannear net? Moatte jo je oanpasse oan de net-Frysktaligen yn ús provinsje? En al dat omtinken foar it Frysk, is dat eins wol goed foar de ekonomy?

Sjen dus! Om tweintich oer fiven.

BY21AP03

De jongerein appt om raak yn it Frysk. Mar hoe't se de wurden skriuwe? Dat makket net safolle út...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)