Bynt fan 20 oktober 2015 17:20

Nei Guatamala foar de hoareka
Hoareka-ûndernimmer Aukje de Vries hat nei Guatamala west. Se hat dêr foaral sjoen hoe’t se har ekspertize brûke koe om de lokale hoareka te helpen.

De Walrus
Der wurdt drok oer praat yn Snits en Ljouwert: ien fan de ferneamdste en bêst rinnende hoarekasaken fan Fryslân, De Walrus, giet oer yn oare hannen. Johannes Klaversma fan Mantgum nimt it kafee-restaurant oer.

Kommardel
Yn dizze Fryske muzykwike komt Omrop Fryslan moarns betiid del by ien fan har harkers. In ferneamde Fryske artyst jout dan in minykonsert. Hjoed dogge wy dat mei de band Vangrail.

Dyn auto diele mei de buorlju
Je wenje yn in doarp en je wolle earne hinne. Nei it wurk, nei famylje in doarp fierderop of efkes nei de stêd. It finen fan ferfier kin dan lestich wêze. De bus rydt mar ien kear, as dy der al is, en in taksy is te djoer. In nij inisjatyf, oerwaaid út Sweden, soe wolris de oplossing wêze kinne. De Samobyl. In lanlike primeur fan Fryslân.

It húskeamerkonsert fan Vangrail

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)