Bynt fan 20 oktober 2014 17:20

Grutte Pier
Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries. Wa kint dizze siswize net? Mar wisten jimme wol dat dizze útspraak fan Grutte Pier komt? Teatermakker Dirk Bruinsma makket trije foarstellings oer dizze Fryske held, en giet yn 2015 los mei dit projekt.

Seksy Boerinnen
Boerinnen binne lomp, swier, ûnsjoch en wat net mear. Dat is it byld dat in soad minsken noch hieltyd hawwe. Jenny Fokkema (23) en Anja Jilderda (18) komme sels fan in pleats, en binne it der net mei iens. Om sjen te litten dat boerinnen ek moai en seksy wêze kinne, binne se fotografearre foar de 'Boerinnenkalender 2015'. Dy kalinder komt freed út, en beide froulju skowe jûn oan yn Bynt.

It factteam fan de GGZ
Minder bêden mar kliïnten just mear thús helpe. Dat spilet ek yn de geastlike sûnenssoarch. Oant 2020 moat der in tredde fan de bêden yn de GGZ ferdwine. Bynt rint dizze wike mei in saneamd factteam mei. Dat is in team fan helpferlieners dat minsken yn harren eigen hûs opsiket en helpt.

De Kilimanjaro op mei in nije nier
Yn ús útstjoering fan 11 septimber fertelde Hans Noordenbos dat hy, tegearre mei syn mem, de Kilimanjaro beklimme soe. Op himsels net sa bysûnder, mar Hans woe it dwaan mei in nije nier, dy't hy fan syn mem krigen hat. Ofrûne tongersdei wie it safier en stiene se mei syn beiden op de top fan de heechste berch yn Afrika. Dit wykein kamen se werom, en hjoed fertelle se oer harren klimtocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)