Bynt fan 20 novimber 2015 17:20

BYNT SPORT OP FREED
Freed betsjut dat it wer tiid is foar Bynt Sport. Alles datsto witte wolst oer de beide Fryske fuotbalklups yn ‘e earedivyzje. Mei jûn oan tafel sportsjoernalist Gerard Bos, âld-spiler en analist Marco van der Heide en âld-spiler en trainer Johan Groote.

Hoe komt it mei SC Cambuur?
Bestiet it Sipke Hulshoff effekt? Cambuur hat noch hieltyd gjin wedstriid wûn yn ‘e earedivyzje en spilet moarn út by Ajax. En hoe komt ik mei alle blessueregefallen yn de seleksje fan Henk de Jong? Ferslachjouwer Roelof de Vries gie by de Ljouwerters del mei in fruitkoer.

Mitchell of dochs Henk?
Wat docht Foppe de Haan? Hokker kar makket hy mei it each op de spitsposysje by de Feansters. Wurdt it Mitchell te Vrede of dochs wer Henk Veerman? En wat tinkt John van den Brom, trainer fan tsjinstanner AZ, eins fan Hearrenfean?

En fierder?
Der binne twa kaartsjes te winnen foar SC Hearrenfean tsjin Roda JC, we gean in kertierke langer troch op www.omropfryslan.nl/bynt en folle, folle mear.

BY20KO11

Hokker spiler fan SC Hearrenfean kaam krekt as Henk Veerman út Volendam?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)