Bynt fan 20 maart 2015 17:20

Bynt Sport mei Lieuwe Westra

Jûn skoot Lieuwe Westra oan by de tafel fan Bynt Sport. Mei de hurdfytser út De Tynje sjogge wy foarút op takom seizoen. Wêr wol It Beest goed ride? Hokker koersen sil hy oan meidwaan? En moat hy Vincenzo Nibali wer oan in oerwinning yn de Tour de France helpe?

Ek skowe ús eigen wielerfanaat Andries Bakker en sportsjoernalist Youri IJnsen fan Wielerflits oan. Hoe sjogge sei nei de dopingproblematyk yn it hurdfytsen? En hoe komt it neffens harren mei de lisinsje fan Astana, de ploech fan Westra?

Fansels spylje wy ek wer Arjens Sportkwis. Dizze wike is it Astana-shirt fan Lieuwe Westra te winnen. Foar Myn Klup gean wy del by de amateurfytsers fan De Blauwe Trein út Sint Nyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)