Bynt fan 20 jannewaris 2016 17:20

I.M. Thom Mercuur
Hjoed is keunstsamler en museumoprjochter Thom Mercuur ferstoarn. Geart de Vries, direkteur fan it Historisch Centrum Leeuwarden, koe Mercuur persoanlik. Mei him sjogge we werom op it libben fan de man dy't in soad betsjutten hat foar de Fryske keunstwrâld.

Natuurlijk Ouderschapscafé yn Ljouwert
De bern grutbringe kin op allegear wizen, mar hieltyd mear âlden kieze foar it 'Natuurlijk Ouderschap'. Yn Ljouwert wurdt dêrom dit wykein it 'Natuurlijk Ouderschapscafé' iepene. Justina van Baal organisearret dit kafee.

Hoe is it mei de Fryske stavering fan Jelle B.?
Ut ûndersyk docht bliken dat de Fryske jongerein hieltyd mear Frysk skriuwt. Ien fan harren is sjonger Jelle B. en oan him stelle wy de fraach wat "rûgeltsjes" eins binne...

Yvonne Bleize oer GHB en har nije website pasopelkaar.nl
De soan fan Yvonne Bleize waard op in jûntsje stappen yn Ljouwert drogeard mei de drug GHB. Dat dit net om in ynsidint gie, die bliken út de reaksjes dy't se fan oare âlden krige. Mei de website pasopelkaar.nl hopet se no benammen de jongerein alerter te meitsjen. We prate mei Yvonne fierder oer dit inisjatyf en we hearre it ferhaal fan in oare mem dy't mei har soan yn in selde situaasje telâne kaam.

BY20AP02

Hoe Frysk is Jelle B. en wit hy wat rûgeltsjes eins binne...

BY20AP03

De soan fan dizze mem is ek drogeard yn Ljouwert

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)