Bynt fan 20 jannewaris 2014 18:30

Skûtsjeskipper Gjalt de Jong hat der altyd al fan dreamd om in reis nei Antarktika te meitsjen. No is it safier, oer in pear wiken set er op it 'tallship' de bark Europa ôf nei de súdpoal. De kaptein fan dit bysûndere skip is Klaas Gaastra, ek in Fries. Beide mannen binne jûn te gast yn Bynt om te fertellen oer dit grutte aventoer.

Foar in dei kening of keninginne wêze. Dat soe elkenien wolris wolle. Mar hoe is it om altyd yn in strak keursliif te sitten? Yn de rige fan dizze wike folgje wy fiif keunstners dy't harren fisy op it keningshûs jaan meie foar de tentoanstelling 'keninklik portret' yn it tsjerkje de Kapelle yn Haskerdiken. Jûn: Lianne Rijkers.

En: leefberens is in wichtich tema op it Fryske plattelân. De hjoeddeiske 'partisipaasjemaatskippij' freget der om dat boargers sels mei inisjativen komme om dy leefberens te behâlden. Dat bart ek yn Garyp. Us fêste gast Martin Cnossen giet op paad nei dit doarp om dêr te besjen hoe't ûnder oaren in âld molkfabryk omboud wurdt ta multyfunksjoneel sintrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)