Bynt fan 20 febrewaris 2014 18:30

De aksjegroep ta behâld fan natoergebiet Dellewal op Skylge is op syk nei jild. Mei mienskipsstipe yn de foarm fan crowdfunding hat de stifting yntusken al 130.000 euro byinoar brocht, mar dat is net genôch. Betingst is wol dat de gemeente 7000 kante meter dúngebiet oan de stifting oerdocht, dy't no noch foar de útwreiding fan Hotel Schylge reservearre is. Hoteleigener Harry Westers pikt dat net en driget mei in skeaclaim fan miljoenen. Bynt peilde de ûnrêst op it Waadeilân.

Yn Makkum wurdt ûnder lieding fan Pieter Tichelaar fûl aksje fierd tsjin it plan om in grut wynmûnepark te bouwen yn 'e Iselmar. De Makkumers binne benaud dat it oansicht fan de grutte masines de Dútske toeristen fuortjeie sil.

Hikke, Wolke, Ulfert en Naentske. Allegearre foarbylden fan Fryske nammen dy't ferdwine. Skriuwster Aly van der Mark sammele tsien jier lang rouadvertinsjes út 'e kranten, en makke dêr in boek fan. Yn Bynt oan tafel sitte Aly en fêste gast Steven Sterk om dêroer te praten. Wêrom begjint ien mei sa'n aparte hobby? En wat binne de Fryske nammen fan de takomst?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)