Bynt fan 20 desimber 2013 18:30

Bynt sjocht jûn werom op 2013 en foarút nei 2014. Dat dogge wy yn in spesjale krystútstjoering mei topkok Albert Kooij, sjongeres Nynke Laverman en reedrydcoach Jillert Anema.

Foar Nynke Laverman begjint 2014 mei it teaterstik 'Faderpaard'. Dizze kombinaasje fan teater, muzyk en Fryske hynders wurdt in grut spektakel en wurdt opfierd op 9 en 10 jannewaris yn Ljouwert. Hoe rint it mei har tariedings en is se al wat senuweftich?

Net allinnich foar reedriders is it Olympysk kwalifikaasjetoernoai belangryk, ek foar coach Jillert Anema. Wat kin hy dizze dagen noch dwaan om syn manlju sa goed mooglik op it iis fan Thialf te krijen? En wat binne syn plannen foar Sotsji?

Mei de krystdagen moat je natuerlik lekker ite. Dêrom skoot sjefkok Albert Kooy van hegeskoalle Stenden oan. Hy sil sjen litte dat it krystmiel ek op in hiel oare manier lekker wêze kin, mei bygelyks einetonge, sprinkhoanne en kwal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)